Hearrenfean-trening wer los

03 jul 2006 - 16:25

Petter Hansson wie moandei de grutte ôfwêzige op de earste trening fan sportklub Hearrenfean. De Sweedske ynternasjonal is noch oan it útrêsten fan 'e WK fuotbal en hoecht him pas oer twa wike te melden. Hearrenfean giet der fan út dat Hansson syn kontrakt by Hearrenfean úttsjinnet.

Der binne sân nije spilers. De opfallendste binne de Braziliaan Afonso Alves, de Kanadees Rob Friend, Gianni Zuiverloon en Michael Dingsdag.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)