Hearrenfean tred yn Grins

28 maaie 2007 - 13:56

SC Hearrenfean is tredde wurden op it Eurofuotbaltoernoai yn Grins. Yn de striid om it tredde of fjirde plak spilen de Friezen tsjin Zenit út Sint Petersburg. Nei twa kear 30 menuten wie it 0-0. Omdat de Feansters de strafskoppen better namen, pakten se de brûnzen medalje.

FC Grins hat it toernoai wûn. Sy wiene yn de finale mei 2-0 te sterk foar Slavia Praach út Tsjechië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)