Hearrenfean te sterk foar Ajax

26 feb 2004 - 00:00

SC Hearrenfean wûn woansdeitejûn oertsjûgjend mei 4-1 fan Ajax. Yn 'e earste helte hâlden de twa ploegen inoar noch yn lykwicht en krige Ajax noch in pear kânsen. Flak foar rêst skoarde Väyrynen 1-0.

Yn 'e twadde helte setten de Friezen Ajax yn heech tempo ûnder druk. Ald-Ajacied Richard Knopper skoarde 2-0 fan 25 meter ôfstân. Väyrynen en Hakansson makken der 4-0 fan. Troch in eigen goal fan Hansson waard it 4-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)