Hearrenfean stunt tsjin PSV

09 mrt 2013 - 20:39
  • Marten de Roon
  • Feest

Sportklup Hearrenfean soarge sneontejûn foar in stunt troch koprinner PSV mei 2-1 te ferslaan. Al yn de achtste minút sette Marten de Roon it Abe Lenstra stadion yn fjoer en flam. Dat die er op oanjaan fan Yassine El Ghanassy, dy't spile omdat Rajiv van La Parra te let op 'e klup wie. El Ghanassy makke yn de 38e minút de 2-0. PSV gong yn de twadde helte mei de ynfallers Toivonen en Matavz op jacht nei doelpunten. Dat slagge mar ien kear, yn de 74e minút troch Kevin Strootman. Foar Hearrenfean is it de tredde winst op rige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)