Hearrenfean spilet lyk by PEC

26 okt 2014 - 16:22
  • Mark Uth definityf nei it Dútske Hoffenheim

SC Hearrenfean moast snein de punten diele mei PEC Zwolle, yn it IJsseldeltastadion waard it 2-2. Hearrenfean kaam yn de 38e minút op foarsprong doe't Mark Uth in strafskop fersulvere nei in oertreding op Van den Berg. In kopbal fan De Roon fuort dêrnei like de 2-0 te wurde, mar koe noch krekt fan de line helle wurde.

Nei rêst makke PEC Zwolle yn de 51e minút de 1-1. Tsien minuten letter tekene Uth foar syn twadde treffer en werstelde de Feanster foarsprong. In flater fan keeper Nordfeldt soarge in kertier foar de ein foar de 2-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)