Hearrenfean slút ôf mei winst

22 des 2012 - 22:20
  • Alfred Finnbogason, SC Hearrenfean, Vitesse
  • Rajiv van la Parra, SC Hearrenfean, Vitesse
  • SC Hearrenfean, Vitesse, Filip Djuricic

SC Hearrenfean hat de earste seizoenshelte ôfsletten mei in 2-1 oerwininng op kampioenskandidaat Vitesse. Finnbogason krige yn de earste trije grutte kânsen, mar de kluptopskoarer krige de bal net efter doelman Velthuizen. Dat slagge Filip Djuricic yn 'e 30ste minút wol, mar frij ûnferwacht kaam Vitesse noch foar it skoft op likense hichte fia Kashia.

Yn 'e twadde helte besocht de ûngelokkige Finnbogason it ris in kear fan ôfstân en mei sukses. Doelman Velthuizen hie gjin antwurd op de "swabberbal". It wie de beslissing.

It is foar Hearrenfean de earste oerwinning sûnt 4 novimber. Doe wûn de ploech fan PEC Zwolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)