Hearrenfean skoart Europeesk

15 nov 2007 - 20:16

It Hearrenfeanster model foar it oanfreegjen fan in boufergunning heart by de top fan nije Europeeske projekten. Yn Hearrenfean kinne minsken sûnt koart goedkeaper en sûnder al te folle administrative rompslomp in boufergunning oanfreegje.

De gemeente krijt in soad wurdearring foar dat systeem. Hearrenfean waard alris nomineard foar in priis en hat der no in Europeesk sertifikaat foar krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)