Hearrenfean - Roda JC: 3-2

06 apr 2003 - 00:00

Hearrenfean hat sneon mei 3-2 wûn fan Roda JC. Foar rêst wie de stân noch 0-2 foar de Limburgers. Nei rêst naam de thúsklub goed revâns. It offinsyf levere nei twa minuten al in treffer op fan Jensen.

Yn de 57e minút kaam de lykmakker fan Denneboom dy't lokkich oanspile waard troch Venema. 'Man of the match' Daniël Jensen skoarde dêrnei nochris en brocht de stân dêrmei op 3-2.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)