Hearrenfean: PvdA, CDA en VVD

27 nov 2013 - 20:44
  • Gemeentehûs op It Hearrenfean

De PvdA, it CDA en de VVD sille yn de gemeente Hearrenfean meielkoar om tafel om te praten oer in mooglike koälysje. In fjirde partij is neffens ynformateur Cees Kuipers net nedich. Kuipers presentearre woansdeitejûn syn einkonklúzje. Kuipers hat mei alle partijen praten en neffens him is dit de meast logyske koälysje.

De partijen sille no prate oer it programma foar de kommende jierren en de portefúljeferdieling fan de nije wethâlders. Se hawwe dêrfoar noch goed trije wike de tiid. De formaasjefaze moat op 20 desimber klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)