Hearrenfean presintearret plannen foar azc

28 mrt 2016 - 12:53
  • Asylsikers

De gemeente Hearenfean organisearret tiisdei in ynformaasjebyienkomst oer de komst fan in azc. Doel is dat dat ûnderdak biedt oan 600 minsken en oan de K.R. Poststrjitte op It Hearrenfean komt. De ôfrûne tiid hawwe de gemeente en it Centraal Orgaan opfang Asielzoekers (COA) de plannen foar it asylsikerssintrum útwurke, dêr is ek in groep ynwenners fan it plak by belutsen.

De byienkomst is tiisdeitejûn fan 19.30 oant 21.30 oere yn it Abe Lenstrastadion. Doel is dat it azc yn desimber iepengiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)