Hearrenfean: op sinten passe

07 aug 2012 - 11:39
  • SC Hearrenfean

De finansjele tekoarten fan SC Hearrenfean binne fierhinne fuortwurke, mar de klup moat ek de kommende tiid noch goed op de sinten passe. Der is no wer romte om nije spilers te heljen. Dat moat wol mei ferdrach, want in hiel soad romte dêrfoar is der op dit stuit net.

De klup siket nei fersterking fan middenfjild en oanfal. In eventuele ferkeap fan Oussama Assaïdi soe Hearrenfean mear romte jaan, seit technysk direkteur Johan Hansma. Moandei waard bekend dat de klup it tekoart fermindere hat fan 20 miljoen nei 6 ton.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)