Hearrenfean oefent tsjin Werder

11 nov 2003 - 00:00

SC Hearrenfean spilet kommende freed in oefenwedstriid tsjin de Dútse klub Werder Bremen. It kommend wykein is der gjin programma yn de Nederlânske earedivyzje fanwege de play-off wedstriid fan Nederlân tsjin Skotlân.

Werder Bremen is in tsjinstanner fan formaat. Sy steane tredde yn de bundesliga. De wedstriid is yn it Abe Lenstra stadion en begjint om 19.30 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)