Hearrenfean oefenet yn Turkije

18 jan 2003 - 00:00

De earste oefenwedstriid fan SC Hearrenfean yn Turkije tsjin VVV út Venlo waard mei 3-2 wûn troch de Feansters. Hearrenfean spile mei in kombinaasje fan it earste en twadde alvetal en wie lang net by de les.

Binnen seis minuten stie VVV mei 0-2 foar. Samaras brocht de stân foar it skoft op 1-2. Yn de twadde helte soarge Santi Kolk mei twa moaie doelpunten foar de 3-2 oerwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)