Hearrenfean oefenet yn België

17 jun 2008 - 09:13
  • Stadion Le Canonnier fan Moeskroen

Hearrenfean sil as tarieding op it nije fuotbalseizoen yn augustus twa oefenwedstriden spylje yn België. It alvetal fan de nije trainer Trond_Sollied sil it op freed 8 augustus opnimme tsjin Excelsior_Moeskroen, de nûmer 12 fan de Belgyske kompetysje.

Twa dagen letter, op snein 10 augustus, fuotballet Hearrenfean tsjin Racing_Club_Genk, de nûmer 10 fan België. De wedstriden wurde spile yn de stadions fan Moeskroen en Genk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)