Hearrenfean net yn Appelskea

19 jul 2010 - 16:58

De sânde oefenwedstryd fan SC Hearrenfean dy't tiisdei spile wurdt tsjin it Turkse Istanbulspor is ferpleatst fan Appelskea nei Bûtenpost. Raymond Libregts, de assistint fan trainer Ron Jans, hat it fjild yn Appelskea keurd en hat doe besletten de wedstriid ôf te sizzen. It fjild hat keale plakken en is te droech om op te fuotbaljen.

De wedstriid wurdt no spile yn Bûtenpost en begjint om sân oere op sportpark De Swadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)