Hearrenfean net foarby AA Gent

20 jul 2013 - 22:22
  • Alfred Finnbogason

Sportklup Hearrenfean hat yn de twadde test fan de tarieding mei 1-1 lykspile tsjin AA Gent. Hearrenfean miste in protte spilers mei blessueres. Dochs kaam de ploech fan trainer Marco van Basten goed út de startblokken. Nei in moaie oanfal sette Alfred Finnbogason de 1-0 op it skoareboerd.

Yn it ferfolch fan de wedstriid hie Hearrenfean it dreech om it spul te meitsjen, benammen troch it fel spyljende AA Gent. Yn de twadde helte soarge Yassine El Ghanassy (ferline seizoen noch Hearrenfean) út in frije traap foar de 1-1 einstân.

Marco van Basten woe graach starte yn de opstelling dy't er yn de kompetysje foar eagen hat. Troch blessueres fan ûnder oaren Mitchell Dijks, Arnold Kruiswijk en Magnus Eikrem slagge dat net. Mark Uth, Marco Pappa, Samir Fazli en Jukka Raitala wiene ek ôfwêzich troch in blessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)