Hearrenfean nei PAOK Saloniki

07 aug 2009 - 13:43
  • It logo fan 'e Noardgrykske fuotbalklup PAOK Saloniki

Sportklup Hearrenfean moat it yn de fjirde play offronde foar de Europe League opnimme tsjin de Grykse klup PAOK Saloniki. Hearrenfean begjint mei in útwedstriid op 20 augustus. De return yn it Abe Lenstrastadion is ien wike letter.

As Hearrenfean fan 'e Griken wit te winnen, komme se yn de pûlfase fan 'e Europe League. PAOK Saloniki waard it ôfrûne seizoen twadde yn de Grykse kompetysje, nei Olympiakos Piraeus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)