Hearrenfean mist 3 ferdedigers

17 jan 2014 - 15:11
  • Ramon Zomer

Sportklup Hearrenfean mist foar de wedstriid tsjin Roda JC trije ferdedigers en it binne alle trije linkspoaten. De linksbacks Mitchell Dijks en Jukka Raitala en de sintrale ferdediger Arnold Kruiswijk binne blessearre. Dijks en Kruiswijk spylje gewoanwei yn de basis en wurde no ferfongen troch Ramon Zomer en Chris Kum.

Foar âld-Hearrenfeanspiler John Dahl Tomasson is it de earste wedstriid as trainer fan Roda JC.

De fermoedlike opstelling: Nordfeldt, Van Anholt, Otigba, Zomer, Kum, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Slagveer (of Van la Parra), Finnbogason en Basacikoglu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)