Hearrenfean mei deselde alve

16 des 2011 - 12:21

SC Hearrenfean spilet snein yn de topper tsjin PSV mei deselde basisopstelling as ferline wike tsjin Excelsior. Dat bestjut dat Oussama Assaidi yn de basis út ein set en Rajiv van La Parra op de bank sit.
By SC Hearrenfean binne Youssef El Akchaoui, Doke Schmidt en Michal Svec blessearre. Oanfaller Quenten Martinus is der ek net by. Martinus is ferline wike opereard oan syn knibbel en is langere tiid út de rûlaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)