Hearrenfean mei 1-2 ûnderút

18 feb 2005 - 15:25

SC Hearrenfean hat tongersdei yn de earste wedstryd yn de tredde ronde fan de Uefa Cup ferlern fan Newcastle United. Yn it Abe Lenstra-stadion waard it 1-2 foar de Ingelsen. SC Hearrenfean kaam foar de rêst op foarsprong troch in doelpunt fan Klaas Jan Huntelaar.

Nei de rêst makke Shearer gelyk en skoarde Boyer de winnende treffer foar de Ingelsen. Takom wike spylje de beide ploegen oppenij tsjin elkoar. Dan treffe se elkoar yn Newcastle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)