Hearrenfean 'meast oantreklik'

23 jan 2008 - 10:08
  • Hearrenfean: nei PSV it bêste imago fan alle klubs (foto Martin de Jong)

SC Hearrenfean is de meast oantreklike klub fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Earedivyzje CV. It ûndersyksburo Sport + Markt die ûndersyk nei de imago's fan alle betelle fuotbalklubs.

Hearrenfean is de klub dêr't de Nederlanners harren it meast mei identifisearje. Nei PSV hat Hearrenfean it bêste imago fan Nederlân. Troch dit resultaat krijt Hearrenfean tenei mear tv-jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)