Hearrenfean lykspul tsjin VVV

23 apr 2011 - 22:53

SC Hearrenfean hat sneon djoere punten ferspile yn de striid foar in play-off plak foar Europeesk fuotbal. Yn in minne mar knotsgekke útwedstryd tsjin VVV út Venlo waard mei 2-2 lyk spile.

Hearrenfean kaam flak foar it skoft op in 1-0 foarsprong troch in prachtige frije trap fan Mika Väyrynen. Mar nei it skoft wie VVV de bettere ploech. It fenyn siet yn de sturt. VVV spits Boymans skeat yn de 86ste en 88ste minuut raak. Yn de ekstra tiid frommele Bas Dost de 2-2 noch binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)