Hearrenfean lûkt nije Sweed oan

29 aug 2002 - 00:00

SC Hearrenfean hat wer in nije Sweedske spiler oanlutsen. It giet om de oanfaller Abgar Barsom (24) fan Djurgarden FC. Barsom sil, at er troch de medyske test komt, freed in kontrakt tekenje foar twa jier.

Barsom is in linksskonkige bûtenspiler, dy't ek achter de spitsen spylje kin. Hearrenfean mei Barsom ek opstelle yn 'e UEFA-cup wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)