Hearrenfean lottet Newcastle

18 des 2004 - 10:33

Hearrenfean komt yn de tredde ronde fan de UEFA-beker út tsjin Newcastle United út Ingelân. Hearrenfean spilet earst thús op 16 of 17 febrewaris. In wike letter stiet it duel yn Newcastle op it programma.

Dat is de útkomst fan de lotting dy't freed yn Nyon yn Switserlân hâlden is. By Newcastle United stiet Patrick Kluivert ûnder kontrakt. Neffens trener Verbeek in swiere lotting, mar, sa sei er 'bist noait op foarhân kânsleas.'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)