Hearrenfean leit út Midwintercup

05 jan 2007 - 10:40

De sealfuotballers fan Hearrenfean binne yn de foarronde útskeakele foar de Midwintercup. De regearjend kampioen, dy útkomt op it heechste futsalnivo fan Fryslân, ferlear yn de poule ferrassend fan GAVC út Grou, Sint Anne en fan Trynwâldster Boys.

By de froulju pleatsten ONS Snits en Tolbert har foar de finaleronde. Dy is takom sneon yn Frjentsjer. Favoryt is Oranje Nassau út Grins. Dy ploech wie yn 2005 en 2006 ek al de sterkste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)