Hearrenfean krijt priveeklinyk

05 nov 2003 - 00:00

Fan tongersdei ôf kinne minsken op It Hearrenfean terjochte yn de earste priveeklinyk fan it Noarden. De klinyk rjochtet him benammen op estetyske yngrepen lykas botoxbehannelings tsjin rimpels, boarstfergruttings, gesichtsoperaasjes en liposuksje.

It hiele Noarden, ynklusyf de kop fan Noard-Hollân en Oerisel, sjocht de klinyk as syn fersoargingsgebiet. Mei 350 operaasjes jiers draait de klinyk kyt. Nei ferwachting is dat yn 2005.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)