Hearrenfean klear foar Odense

01 nov 2006 - 17:33

De Sportklub Hearrenfean is klear foar de twadde wedstriid yn de groepsfase fan it UEFA Cup toernoai. Tongersdei is it Deenske Odense yn it Abe Lenstra stadion de tsjinstanner.

Odense ferlear de earste wedstriid yn eigen lân mei 2-1 fan Parma. Hearrenfean spile doe yn Spanje 0-0 tsjin Osasuna. De doelstelling fan de Feansters is dúdlik: der moat op it eigen fjild wûn wurde. De wedstriid is rjochtstreeks op Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)