Hearrenfean kin noch oerwinterje

30 nov 2006 - 09:21

Sportklub Hearrenfean kin noch oerwinterje yn de UEFA Cup. Dan moat der yn de wedstryd tsjin it Frânske Lens wol mei trije goals ferskil wûn wurde. Ek by twa goals ferskil kin Hearrenfean trochgean. Der moat dan wol fjouwer kear of mear skoart wurde tsjin Lens en Osasuna moat ferlieze yn Parma.

Woansdei ferlear Lens fan Parma, wylst Osasuna wûn fan Odense. Troch dy útslaggen hat Hearrenfean noch in kâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)