Hearrenfean keapet struisâlt

08 jan 2010 - 11:54

De gemeente Hearrenfean keapet 100 ton pikel by Frisia yn Harns no't it sâlt by de gemeentewerf op driget te reitsjen. De fêste sâltleveransier fan de gemeente, it bedriuw Eurosalt, is troch syn foarried hinne. It sâlt fan Frisia wurdt freed oanlevere.

Der sil no allinnich op haaddiken yn 'e gemeente struid wurde mei sâlt. As it nedich is wurdt ek sân struid, al is dit minder goed foar de kwaliteit fan de diken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)