Hearrenfean kânsleas tsjin AZ

25 jul 2009 - 22:05
  • Trainer Trond Sollied

SC Hearrenfean hat de wedstryd om de Johan Cruijffskaal tsjin lânskampioen AZ kânsleas ferlern mei 5-1. By rêst stie it al 3-0. Hearrenfean like yn it begjin van de wedstryd neat minder as AZ. Mar troch slop ferdigenjen fan mei namme Goran Popov kaam AZ nei 15 minuten op foarsprong troch Holman. De twa en trije nul kamen op namme fan Mounir El Hamdaoui en Maarten Martens.

Nei it skoft makke Papadopoulos noch 3-1 foar Hearrenfean, mar Jeremain Lens skoarde noch twa kear foar AZ: 5-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)