Hearrenfean kânsleas yn topper

12 apr 2012 - 00:30

SC Hearrenfean is woansdeitejûn yn eigen stadion hurd ûnderút gien tsjin koprinner Ajax. De Amsterdammers wiene mei 5-0 te sterk foar de formaasje fan Ron Jans.

Doelman Brian Vandenbussche krige al nei trije minuten in reade kaart nei in oertreding op Siem de Jong. Theo Janssen benutte dêrnei de strafskop. Eins wie de wedstriid doe al spile. Hearrenfean kaam amper yn it stik foar en fia Aisatti en twa kear De Jong stie it by it skoft 0-4. Yn de twadde helte soarge De Jong mei syn tredde doelpunt fan de jûn foar de 0-5 einstân.

Doelman Kristoffer Nordfeldt makke syn debút foar SC Hearrenfean. Hy wie de ferfanger fan Brian Vandenbussche dy't al nei trije minuten mei read fan it fjild ôf moast. Luciano Narsingh waard troch Ron Jans fan it fjild helle.

Hearrenfean is noch hieltyd sechsde. Alle oare konkurrinten lieten ek punten lizze. Trochdat PSV ferlear by RKC, hat ek PSV lyk as Hearrenfean noch hieltyd 54. Feyenoord spile lyk by Roda JC en komt no op 55 punten. Twente en AZ spilen lyk en ha no 56 en 58 punten. Koprinner is Ajax mei 61 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)