Hearrenfean jout winst fuort

26 jan 2013 - 23:17
  • SC Hearrenfean, PEC Zwolle
  • Ramon Zomer, SC Hearrenfean, PEC Zwolle
  • Alfred Finnbogason, SC Hearrenfean, PEC Zwolle

Sportklup Hearrenfean is der wer net yn slagge in oerwinning te heljen yn it útwedstriid. Tsjin PEC Zwolle waard it 1-1. Lang like it derop dat Hearrenfean de earste útoerwinning fan dit seizoen behelje soe, doe't Finnbogason fuort nei rêst de 1-0 makke. Nei in hast net te missen kâns fan Djuricic, begûn Hearrenfean werom te rinnen. Yn de 84ste minút wie it Avdic  dy't de lykmakker skoarde. Trochdat NAC Breda wol wûn stiet Hearrenfean no dield 14e mei PEC Zwolle en Roda JC.

Trochdat it doelsaldo fan Roda ien goal minder is, stiet Hearrenfean noch krekt net op in neikompetysjeplak.
De stân yn 'e ûnderein fan de earedivyzje:
13. NAC Breda 20-20
14. PEC Zwolle 20-19 (-10)
15. Hearrenfean 20-19 (-12)
16. Roda JC 20-19 (-13)
17. VVV Venlo 20-15
18. Willem II 19-13

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)