Hearrenfean jaget op roeken

20 mrt 2008 - 20:42

De gemeente It_Hearrenfean stjoert de kommende tiid minsken op paad om roeken te ferjeien. De fûgels soargje op in tal plakken yn de gemeente foar sa'n soad oerlêst, dat der in spesjaal behearsplan makke is.

Op alve ferskate lokaasjes sille gemeentemeiwurkers oan de slach om se fuort te krijen. Dat bart ûnder oare troch nêsten fuort te heljen en troch leven te meitsjen. Dêr sille ek alarmpistoalen brûkt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)