Hearrenfean huldiget turners

20 nov 2010 - 13:19
  • Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Yn it Abe Lenstrastadion op it Hearrenfean binne freed de pleatslike turners huldige dy't meidien hawwe oan it WK yn Rotterdam. Dêr wie turner Epke Zonderland ek by. Hy behelle in sulveren medalje. Broer Herre dy't no foar Sportstêd Hearrenfean wurket, helle de sporters it poadium op.

De huldiging wie de ôfsluting fan in manifestaasje. Bedriuwen lieten dêr nije finings sjen. Sa wie der in nij trainingssysteem foar bobsliders en in modern systeem foar fideoregistraasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)