Hearrenfean - Hibernian: 4 - 2

12 jan 2004 - 00:00

SC Hearrenfean wûn moandeitejûn op Malta de oefenwedstriid tsjin Hibernian mei 4-2. De Feanster goals waarden makke troch Stefan Selakovic, Paul de Lange, Mark-Jan Fledderus en Jesper Hakanson. De twa Maltese goals kamen út strafskoppen.

Trener Foppe de Haan wiksele it folsleine alvetal yn 'e rêst. SC Hearrenfean is de hele wike op Malta foar in trainingskamp. It is dêr knap waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)