Hearrenfean helpt sportclubs

30 jul 2009 - 19:16

Hearrenfean betellet Sportstad Heerenveen 40.000 euro, sadat de tariven foar de sportakkomodaasjes net hiel bot omheech hoege. Sportstad moat de sealhier ferheegje, om stiigjende kosten troch bygelyks hegere enerzjyprizen te dekken.

Om de sportferienings yn de mjitte te kommen, komt de gemeente no mei in oerbrêgingsbijdrage. Oars hiene de tariven mei 7,5% omheech gien. De 40.000 euro is foar in perioade fan twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)