Hearrenfean hellet nije spits Luka Zahovic

06 aug 2015 - 10:02

Luka Zahovic komt nei SC Hearrenfean. Dat meldt de website fan syn klup NK Maribor. Zahovic is 19 jier en spilet foar Slovenië ûnder de 21. Luka is de soan fan Zlatko Zahovic, dy't spile foar ûnder oaren Benfica, Porto en Valencia en sa'n bytsje yn syn ientsje Slovenië nei it EK en WK ta skeat.

Neffens manager fuotbalsaken Hans Vonk fan Hearrenfean is de klup yn petear mei Zahovic, dy't no yn Nederlân is. Zahovic spile mei syn klup Champions League en skoarde dêryn tsjin Sporting Lissabon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)