Hearrenfean hellet nije spits

10 maaie 2012 - 15:22
  • Mark Uth

SC Hearrenfean hat de opfolger fan Bas Dost al yn hûs. Tongersdeitemiddei is de Dútske jeugdynternasjonal Mark Uth as nijste oanwinst presintearre. De 21-jierrige oanfaller komt oer fan FC Köln en hat in kontrakt tekene foar trije jier.

Uth hat syn debút yn de Bundesliga noch net makke en spile syn wedstriden foaral yn it twadde. Dêryn skoarde hy 9 kear yn 14 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)