Hearrenfean hat wer Fin op proef

14 des 2001 - 00:00

By Sportclub Hearrenfean traint wer in jonge Fin op proef mei. It giet om de 20-jierrige jeugdynternasjonal Marco Parnela. Marco is in ferdigener. Hy spile al geregeld by jong-Finlân mei.

Parnela stiet op dit stuit ûnder kontrakt by de Switserske twadde divisyklub FC Thun. Hy is earst foar in wike by Hearrenfean. De sportclub hat al twa Finnen ûnder kontrakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)