Hearrenfean hâldt steanplakken

03 jun 2004 - 00:00

SC Hearrenfean wol trochgean mei it wer oanbringen fan steanplakken yn it útwreide Abe Lenstrastadion. Dizze wike waard bekend dat in advysburo negatyf is oer in proef mei steanplakken, fanwege de feilichheichheidsrisiko's.

Mar Hearrenfean giet der mei troch, omdat in tal fakantike supporters it kommende seizoen graach wer stean wol yn it ferboude stadion. It ôfrûne seizoen koene besikers al stean, en ek dy reagearren posityf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)