Hearrenfean hâldt Ajax op 1-1

19 apr 2013 - 22:12
  • Alfred Finnbogason

SC Hearrenfean hat yn de Amsterdam Arena mei 1-1 lyk spile tsjin Ajax. De thúsklup kaam yn in foarsichtige earste helte op foarsprong troch in doelpunt fan Viktor Fischer. Yn in moaie twadde helte wie it Alfred Finnbogason dy't foar Hearrenfean de lykmakker skoarde. It wie syn 24ste fan it seizoen.

Ajax wie de bettere ploech, mar de koprinner krige amper grutte kânsen. In echte kâns wie der op it lêst wol foar Hearrenfean. El Ghanassy koe lykwols Ajax-doelman Cillessen net ferrasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)