Hearrenfean-froulju boppeoan

19 nov 2010 - 09:20

De froulju fan SC Hearrenfean steane wer boppe-oan yn de earedivyzje. De Feansters wûnen tongersdeitejûn mei 2-1 fan ADO Den Haach. Omdat koprinner AZ ferlear fan Utrecht mei 1-0 klimt Hearrenfean nei de kop fan de ranglist mei 17 punten út 9 wedstriden.

Hearrenfean kaam yn de earste helte op achterstân troch in eigen doelpunt fan keepster Roxanne van den Berg. Nei it skoft soargen twa goals van Sylvia Smit derfoar dat Den Haach foar it earst sûnder punten nei hûs gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)