Hearrenfean froulju boppeoan

24 sep 2010 - 09:11

De froulju fan SC Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn mei 2-0 wûn fan FC Twente. Hearrenfean wie eins de hiele wedstryd de bettere ploech. Sylvia Smit sette yn de earste helte de 1-0 op it boerd út in penalty. Yn de twadde helte waard it oerwicht útdrukt mei in twadde doelpunt van Shanice van de Sanden.

Hearrenfean hat no seis punten út twa wedstriden. Noch nooit starten de froulju sa goed. Takom wike spilet Hearrenfean thús tsjin FC Utrecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)