Hearrenfean-foarsitter leaut net yn Sineeske ynvestearring

07 okt 2015 - 16:25

It ynvestearjen troch Sinezen yn Sportklup Hearrenfean wurdt troch foarsitter Jelko van der Wiel ôfdien as in 'broodje aap-ferhaal'. Neffens Van der Wiel binne der wol meardere ferhalen binnenkaam oer Sinezen dy't mooglik jild stekke wolle yn de klup, mar hy leaut der neat fan.

Tuskenpersoan is Henk van der Borg, de man dy't earder alris Cambuur yn ferbân brocht mei dizze selde Sineeske ynvestearringsmaatskippij foar it bouwen fan in nij stadion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)