Hearrenfean finansjeel sûner

06 aug 2012 - 17:05
  • SC Hearrenfean

Nei in earder tekoart fan 20 miljoen euro is SC Hearrenfean hurd op wei om wer in finansjeel sûne klup te wurden. Direkteur Veenstra makke moandei op de parsedei bekend dat de klup dit jier in tekoart hat fan 6 ton. De besunigings ha neffens Veenstra goed útpakt.

Doel is om takom jier op de nul út te kommen. It eigen fermogen leit om de 10 miljoen euro. De klup hopet troch dielname oan de Europa League in finansjele ynjeksje te krijen.

Sportive ambysjes binne der ek. De ploech fan trainer Marco van Basten wol lykas ferline seizoen stride om in plak dat rjocht jout op Europeesk fuotbal. Mocht topspiler Assaidi noch ferkocht wurde, dan is der romte om in nije spits oan te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)