Hearrenfean finaal fan slach

26 feb 2011 - 21:17

SC Hearrenfean krige yn Tilburch fan nûmer lêst Willem II in net ferwachte mokerslach. De ploech fan Ron Jans like maklik de trije punten mei te nimmen. Daryl Janmaat sette al gau de Feansters op foarsprong, Bas Dost ferdûbele de marzje. Beide kearen wie Luciano Narsingh de oanjouwer.

Hoe oars wie it lêste healoere. Bart Biemans en Arjan Swinkels soargen foar de 2-2. It waard troch Väyrynen noch 2-3, mar Willem II pakte de twadde winst troch Van der Heijden en Rigters: 4-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)