Hearrenfean - Feyenoord: 3 - 1

08 des 2002 - 00:00

Yn in kâld Abe Lenstrastadion rekkene SC Hearrenfean sneon yn 'e twadde helte ôf mei Feyenoord. De Rotterdammers kamen tsjin de ferhâlding yn noch op foarsprong fia Buffel, mar dêrnei kaam Hearrenfean aardich op gong. Mika Väyrynen skoarde 1-1, seis menuten letter makke Romano Denneboom de 2-1.

Mika Nurmela makke der 3-1 fan. SC Hearrenfean droech de oerwinning op oan de ferline wike ferstoarne fan Mars van Vossen út it Sieuske Tholen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)