Hearrenfean ferliest wer

21 sep 2000 - 18:19

Se meie dan wol twa kear ferlern hawwe, SC Hearrenfean giet mei frisse moed fierder nei de folgjende tsjinstanner yn 'e Champions League. Oare wike spylje de Friezen tsjin it Grykske Olympiakos.

Woansdei ferlear Hearrenfean mei 0-1 fan it Spaanske Valencia. Earder al moasten se it ôflizze tsjin Lyon. Elke wedstriid is oars, sa seit in optimistyske trainer Foppe de Haan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)