Hearrenfean ferliest oefenpot

16 jan 2011 - 17:31
  • Assaidi skoarde foar It Fean

Sportklup Hearrenfean hat yn it eigen Abe Lenstrastadion in oefenduel tsjin Excelsior ferlern mei 2-1. Mei rêst stie it 1-0 foar de Friezen troch in doelpunt fan Oussama Assaidi. Nei rêst skoarden Fernandez en Vincken foar Excelsior.

Earder oefene Hearrenfean yn Portugal tsjin FC Utrecht en dy wedstriid waard mei 2-1 wûn. No freed start SC Hearrenfean it twadde part fan de kompetysje tsjin ADO Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)