Hearrenfean ferliest oefenpot

07 jan 2014 - 18:11
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

Sportklup Hearrenfean hat tiisdei in oefenwedstriid fan in oere tsjin Bayer Leverkusen ferlern. De Dútsers, de nûmer twa yn de Dútske Bundesliga, wiene yn it Portugeeske Lagos mei 4-3 te sterk foar de ploech fan Marco van Basten. Nei tweintich minuten wie it al 3-0 foar de Dútsers. Krekt foar it skoft kopte Ramon Zomer de 3-1 binnen. Alfred Finnbogason soarge yn de twadde helte foar de 3-2 en nei de 4-2 soarge Bilal Basacikoglu foar de einstân.

Letter op de dei waard noch in oefenwedstriid tsjin deselde ploech spile, doe troch spilers dy't net in soad yn aksje komme yn it earste alvetal. Ek dy wedstriid fan in oere waard wûn troch de Dútsers. Einstân 2-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)